BIS Berneiepenloftspul 25 jier spilet FRIEZZZ (ofwol Frozen) komme jimme ek?!!

Koarte ynhâld fan it stik:
Foar wa't it noch net wit: Yn 'e pastorytún neist de tsjerke yn Easterwierrum wenje trollen! Gjin noed, se kinne gjin kwea. Nachts komme se ta libben en fertelle inoar ferhaaltsjes. It leafst oer de leafde, want dêr witte trollen ommers alles fan. Ferhaaltsjes foar it wekker wurden en dat al 25 jier! Dit jier belibje de troltsjes fan Easterwierrum it ferhaal fan 'de Prinsesse mei it beferzen hert' Elza en Anna binne twa Prinseskes yn it keninkryk fan Arendelle. De ien (Elza) hat toverkrêft, mar woe der it leafst fan ôf en de oar (Anna) fynt harsels mar 'hiel gewoan' en soe graach bysúnder wêze wolle lykas har suske. Op 'e dei dat Elza

keninginne wurde sil, giet it mis. Elza feroaret it simmerske Arendelle yn in wrâld fan snie en iis. Ûngelokje, kin gebeure... Elza flechtet de bergen yn en Anna sil achter har oan om Arendelle te rêden fan de kjeld. Holpen troch in iisferkeaper, in eland en in sniepop set Anna alles op alles om de simmer én har suske wer werom te krijen.FRIEZZ! is in waarme foarstelling oer 'sisterlove', 'dysels wêze' en hoe ast in beferzen hertfoarkomme kinst (altyd handich om te witten). Wês wolkom yn ús tún foar ús 25 jierrich jubileum! It stik “FRIEZZ” is ek tige geskikt as ôfslútend “uitje” foar de groep 8 ‘ers! Mar fansels is it ek geskikt foar alle oare bern fanôf in jier as 6 ôf. BIS is troch bern en foar bern! Ek fan it jier wol it Berne-Iepenloftspul fan Easterwierrum skoallen yn de gelegenheid stelle om kaarten yn it foar te bestellen tsjin in redusearre taryf. It foardiel hjirfan is dat jo net yn de rige hoege te stean by de kassa. De tariven fan 2015 binne as folget: Bern € 9 (normaal € 10) Begelieder € 10 (normaal € 13) As spesjale oanbieding jouwe wy foar allinnich de woansdeitemiddei in ekstra koarting fan 10% oer de totaalbestelling. Foarstellings Reservedatum Tongersdei 4 juny 20.30 oere Freed 5 juny 20.30 oere Sneon 6 juny 20.30 oere Woansdei 10 juny 20.30 oere Snein 17 juny 14.30 oere Tongersdei 11 juny 20.30 oere Woansdei 10 juny 14.30 oere Tongersdei 11 juny 20.30 oere Freed 12 juny 20.30 oere Snein 14 juny 14.30 oere Sneon 13 juny 20.30 oere Snein 14 juny 20.30 oere Bestelle kin oant 30 maaie 2015 : * oer de e-mail nei : kaartferkeap@berneieIpenloftspul.nl